Fragen FNP oer ôffallende studintetallen oan Campus Fryslân

15 jan 2020 - 14:55

It wie de bedoeling dat de RUG Campus Fryslân op it stuit 630 studinten hawwe soe, mar it binne der 197. Dêrom wol de Steatefraksje fan de FNP witte oft dat ek konsekwinsjes hawwe moat foar de finansiering. De provinsje stekt der 17,83 miljoen yn. Dêr stelt de FNP no fragen oer.

Campus Fryslân yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

"It giet wol om mienskipsjild", seit FNP-Steatelid Sybren Posthumus. Neffens de partij binne de Steaten mei hege studintetallen oer de streek lutsen om mei te beteljen. Mar de direkteur bedriuwsfiering hat it no oer 'een update met naar beneden bijgestelde verwachtingen en ambities'.

De FNP wol no fan Deputearre Steaten witte hoe't it kolleezje de promoasje fan de kampus beoardielet. "In soad VWO-skoallen yn Fryslân neame de RUG Campus hielendal net by de stúdzjemooglikheden foar nije studinten", neffens Posthumus. Sa binne der neffens de FNP-politikus noch mar tweintich Fryske studinten. "Teloarstellende resultaten."

De partij wol de universiteit oan de ôfspraak hâlde dat de Campus Fryslân op syn minst fyftjin jier yn Ljouwert bliuwt.

(advertinsje)
(advertinsje)