Fryske Panda's: Grien skorpioenmoas yn de Mieden

15 jan 2020 - 14:27

Grien skorpioenmoas is mar op twa plakken yn Fryslân te finen en ek dêrbûten tige seldsum. Dêrmei is it mei rjocht in Fryske Panda; in soart dêr't it net fanselssprekkend fan is dat dy der oer in pear jier noch hieltyd is.

Yn Fryslân is tige seldsume en ek kwetsbere natuer werom te finen. Lykas oeral yn 'e wrâld steane der hieltyd mear soarten op útstjerren. Yn ús natuerrige Fryske Panda's nimt boskwachter Jakob Hanenburg ús mei de kriten yn fan Staatsbosbeheer yn om foarbylden hjirfan sjen te litten.

Dizze kear is dat yn de Mieden yn 'e Wâlden dêr't bysûndere moassen te finen binne wêrûnder it skorpioenmoas. It is in soart dy't mar op twa plakken yn ús provinsje foarkomt.

Twizelermieden - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries
(advertinsje)
(advertinsje)