Harmen en Sytze Brouwer yn aksje foar Australië

15 jan 2020 - 14:16

Harmen en Sytze Brouwer ha in benefytaksje foar Australië op tou setten. De bruorren, bekend fan it skûtsjesilen, sille op sneon 25 jannewaris jild ynsammelje foar de minsken en bisten yn it troch brannen troffen gebiet.

Foto: Omrop Fryslân

De beide bruorren ha sels yn it ferline in skoft yn it lân west. Sytze wie der yn 2006/2007 in jier, Harmen trije moanne. "We wiene doe yn it gebiet dat no it hurdste troffen is. We ha it der tegearre oer hân en hiene beide it gefoel dat wy wat dwaan moatte", seit Harmen.

Feiling en ferlotting

Harmen en Sytze ha no de aksje 'Fryslân for Australia' opstart. Yn it ramt dêrfan sil op sneon 25 jannewaris in benefytmiddei wêze.

"Dy is fan healwei trijen oant seis oere op de Oude Koemarkt op It Hearrenfean. We hâlde dan ûnder oaren in feiling en der is in ferlotting. Troch jild te jaan kinne minsken kâns meitsje op pakken fan reedriders en dinerbonnen of in Lamborghini Experience."

Ferneamde sporters as Sven Kramer, Jesper Hospes en Jutta Leerdam wurkje mei oan de aksje, krekt as fuotbaltrainers Gertjan Verbeek en Gerald Sibon. Ek binne der optredens fan ferskate artysten.

Harkje nei Harmen Brouwer

(advertinsje)
(advertinsje)