Rijpstra wol Ton Baas as ûnôfhinklik ferkenner yn krisissitewaasje

15 jan 2020 - 14:00

Boargemaster Jan Rijpstra fan Smellingerlân wol Ton Baas oanstelle as ûnôfhinklik ferkenner, om de krisis yn syn gemeente op te lossen. Dy krisis ûntstie nei't de PvdA tiisdei út de koälysje stapte. De partij koe net oer de manier fan dwaan fan koälysjepartner ELP. Dy partij wol sels ûndersyk dwaan nei in subsydzje foar teäter De Lawei, mar it kolleezje, dêr't de partij dus sels yn sit, soe dat ek al dwaan. Dat sjocht de PvdA as in teken fan wantrouwen nei it kolleezje.

Foto: Omrop Fryslân

Neffens Rijpstra binne alle fraksjefoarsitters yn de gemeente har derfan bewust dat de hjoeddeistige sitewaasje net goed is foar it oansjen fan it bestjoer. Der soe dan ek in breed draachflak wêze foar in ûnôfhinklike ferkenner. Baas soe nei oanlieding fan petearen dúdlikheid skeppe moatte oer hokker problemen der binne yn de polityk fan Smellingerlân, en op basis dêrfan kinne dan advizen, oanbefellings en oplossingen oandroegen wurde.

Ut de petearen mei de ferskate partijen docht neffens Rijpstra bliken dat der in behoefte is oan rêst en stabiliteit. Op itselde momint is der in urginsje om op koarte termyn aksje te ûndernimmen om út dizze krisis te kommen.

(advertinsje)
(advertinsje)