IIshockeyers Flyers favoryt yn bekerfinale

15 jan 2020 - 13:49

De iishockeyers fan UNIS Flyers kinne woansdei foar it earst sûnt 2017 de nasjonale beker winne. De ploech fan It Hearrenfean wurdt sjoen as de favoryt yn de finale tsjin Nijmegen Devils.

Flyers wûn dit seizoen alle tsien duels yn de bekerkompetysje. Yn de heale finale waard Geleen útskeakele. Nijmegen Devils einige as tredde. Yn de heale finale waard de nûmer twa, HIJS HOKIJ Den Haag, nei ferlinging ferslein. Nijmegen en de Flyers spilen dit seizoen twa kear tsjin inoar, beide kearen gie de winst nei de Friezen (3-2 en 5-2).

Landman en Nason

Assistint-coach Jacco Landman (45) spile tusken 1990 en 2010 tweintich jier by Flyers. Hy spile ferskate bekerfinales, mar pakte mar twa kear de beker: yn 1998 en yn 2002. Achttjin jier letter kin hy no syn tredde beker winne. Dat jildt ek foar trainer-coach Mike Nason (38), dy't de beker yn 2016 en 2017 omheech hâlde mocht.

Flyers hat yn har skiednis tolve kear de beker wûn, Nijmegen fiif kear. Devils is wol de regearjend bekerhâlder.

De wedstriid wurdt spile yn IJssportcentrum Eindhoven en begjint om 20.00 oere.

Foto: Martin de Jong Fotografie

Bekerhistoarje

De Nijmegen Devils binne regearjend bekerwinner én lânskampioen. De beker waard fiif kear wûn ('89, '96, '99, '09 en '19)

De Flyers wisten de beker 12 kear te winnen. De Feenstra Flyers pakten de beker tusken 1977 en 1984 sân kear. Dêrnei giet de beker noch fiif kear mei nei Hearrenfean ('88, '98, '02, '16 en '17).

(advertinsje)
(advertinsje)