Oerrock yn koarte tiid útferkocht, nettsjinsteande serverproblemen

15 jan 2020 - 12:46

It Himelfeartfestival Oerrock yn Oerterp is yn in pear oeren tiid folslein útferkocht. Woansdeitemoarn giene yn totaal 8.500 kaarten yn de ferkeap, en dy wiene foar it middeisoere allegearre fuort.

It festival Oerrock yn Oerterp - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De organisaasje is wiis mei de flugge ferkeap fan de kaarten foar it festival. Dit jier steane ûnder oare Kensington en Wolfmother op it poadium yn Oerterp. Dochs wie der ek krityk, want in soad minsken bedarren mear as in oere yn in digitale wachtrige. "De server fan de kaartferkeap lei derút, wêrtroch't minsken yn in lange wachtrige kamen te stean", fertelt Jorryt Taekema fan de organisaasje. "It wie teleurstellend hjoed foar de minsken dy't kaarten keapje wolle."

Oerrock hie krekt in nije partner om de kaartferkeap yn goeie banen te lieden. Se wolle dizze gearwurking ynkoarten dan ek yngreven evaluearje.

Goedmakkerke

Dochs is der hoop foar de minsken sûnder kaartsje. Besikers moasten mei harren 06-nûmer registrearje, wêrtroch't de organisaasje no krekt sjen kin wa't betiid derby wie, en wa fan dizze groep gjin kaartsje krigen hat. Se wolle dizze gegevens no brûke om te sjen wêr't se mooglik minsken temjitte komme kinne.

Dêrnjonken is de line-up fan de fergeze freed noch net bekend, de organisaasje wol ek dêr grutte nammen delsette, sadat de besikers dy't no gjin kaartsje krije koene dochs in moai festival meimeitsje kinne.

(advertinsje)
(advertinsje)