Brânwacht stipet Stefan van der Pal mei meunstertocht op de step

It moat in meunstertocht wurde: fjouwer manlju fan de brânwacht yn Boalsert sille 360 kilometer steppe. Se begjinne yn it it suden fan Limboarch en wolle binnen 24 oant 36 oeren yn Boalsert oankomme. En dat allegear om Stefan van der Pal, dy't de Alvestêdetocht swimme sil, te stypjen by syn meunstertocht. In datum foar de tocht ha de manlju noch net.
Brânwacht stipet Stefan van der Pal mei meunstertocht op de step
Wiebe Palstra, Mark Marijt, Johan Dijkstra en René Salverda sitte der ûntspannen by yn de kazerne fan de brânwacht yn Boalsert. Palstra lit it sa ienfâldich klinke: "Wij gaan deze zomer vanuit het buurtgehucht Kuttingen in Zuid-Limburg op de autoped naar ons prachtige Bolsward toe."

Stipe foar Stefan van der Pal

De manlju ha wol wat ûnderfining, alle jierren dogge se mei oan de Alvestêdetocht mei harren step. "We doen dit voor stichting It giet mâl van Stefan van der Pal. Als Friese triatleet willen we hem als Friese brandweer een warm hart toedragen. Zijn doel, geld ophalen voor onderzoek tegen kinderkanker, dat vinden wij prachtig."
De fjouwer manlju fan de brânwacht binne benijd wat se tsjinkomme sille ûnderweis. "Ik weet niet of ik ertegen op zie," sa seit Mark Marijt twiveljend. "Je weet niet precies wat je tegenkomt. De Elfstedentocht hebben we allemaal al meerdere keren gedaan met de step. Dan ben je bekend met het terrein."
Ferslachjouwer Arjen Bosselaar wie by de brânwacht
De manlju binne foaral benijd nei it earste part fan harren tocht, troch de heuvels fan Limboarch. Der sit nammentlik gjin rem op de step. "Gewoon gang houden," laket René Salverda. "Vooral niet remmen. Het is gratis energie, dus gewoon laten rollen. En dan een beetje onder controle houden."

Wykliks 40-60 kilometer traine

Oer harren training ha se al neitocht. "Wekelijks een ronde van veertig of zestig kilometer. En dan af en toe een uitschieter. Voor de Elfstedentocht is dat genoeg. Als we er nog een hoogtestage in Zuid-Limburg aan vastplakken dan moet het goed komen."
© Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân
In datum foar de tocht ha de manlju noch net, mar se wolle graach op 'en paad foar't Stefan van der Pal yn it wetter leit, seit Wiebe Palstra: "De planning is dat we rond de langste dag op pad gaan. Maar we willen absoluut niet op dezelfde dag als Stefan actief zijn, want dat is zijn dag en daar willen wij ook bij zijn. Hij moet ook naar de finish."
De fjouwer manlju fan de brânwacht oer harren tocht
De finish foar de manlju leit, hoe kin it ek oars, yn Boalsert. Mar, sa sizze se, se sille der gjin wedstriid fan meitsje om te sjen wa't as earste oankomt. "Wij hebben maar één doel en dat is om zoveel mogelijk geld binnen te halen. We willen ook absoluut met zijn vieren over de finish komen. Het is net als bij ons werk bij de brandweer, met evenveel mensen terugkomen als waarmee je weggaat. Dat is het doel."
Yn febrewaris komt in spesjale webside online dêr't minsken de fjouwer steppers stypje kinne. Oant dy tiid is in spesjale Facebookpagina oer de stepaksje fan de brânwacht yn Boalsert yn 'e loft.