Drokbesochte harksit oer gaswinning by Drachten; noed oer plannen

Acht jier langer én tsien kear mear gas moat út de grûn komme yn Drachten en omjouwing. Alteast, dat binne de plannen. Op it gemeentehûs fan Smellingerlân yn Drachten kinne omwenners woansdei har soargen diele oer de plannen foar dy gaswinning.
Harksit oer gaswinning by Drachten
In ôffurdiging fan trije juristen fan it ministearje fan Ekonomyske Saken harket nei dy beswieren tsjin de gaswinning fan ferskate ynsprekkers. It giet om de fjilden Nyegea/Ljouwert en Earnewâld. Der binne in lytse 90 minsken.
Guon ynsprekkers fiele har net serieus nommen, binne benaud foar lekkende gasputten en boaiemdelgong. Jan Bovenlander fan De Wylgen wie ien fan de ynsprekkers. Hy hat trije beswieren. "De aantasting van het milieu, door aardgaswinning krijg je minder draagvlak voor de energietransitie, en persoonlijk ben ik bang voor het gevaar van aardbevingen. Ik wil dat er een goed plan komt voor schade en dat er een compensatieregeling net als in Groningen." Hy hopet dat syn boadskip oankaam is.
Hy soarge der ek foar dat de juristen nei Fryslân kamen, yn stee fan dat in grutte groep nei Den Haag ôfreizge. "Omdat dat beter voor het milieu is."
Ek binne der soargen dat de skea net metten wurde kin om't der gjin nulmjitting is. En guon ynsprekkers binne benaud foar leechfrekwint lûd.
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Timo Jepkema wie by de harksit en prate mei Jan Bovelander