Jirnsum wol dokterspost hâlde

13 nov 2011 - 17:59

Pleatslik belang Jirnsum en it âldereinbûn ANBO komme yn aksje tsjin it ferdwinen fan in dokterspost yn Jirnsum. Yn Grou wurdt in nij húsdoktersintrum iepene en dêrtroch wurde de trije sprekoeren fan de húsdokter yn Jirnsum skrast. De Jirnsumers fine dat in minne saak en wolle mei de húsdokters yn petear.

Doarpsgenoaten kinne mei in hantekeningaksje de beswieren fan pleatslik belang en de ANBO stypje. Dy listen hingje op ferskate plakken yn it doarp.

Trefwurden: 
dokterspost Jirnsum
(advertinsje)