Faber Audiovisuals út Sint-Anne wint priis by Popgala

15 jan 2020 - 11:42

It bedriuw Faber Audiovisuals út Sint-Anne hat by it Popgala Noord de priis wûn foar bêste technysk leveransier. Neffens it sjueryrapport is it bedriuw "de absolute marktleider op het gebied van LED-technologie".

Foto: ANP

It bedriuw hat fêstigingen yn Dútslân, de Feriene Arabyske Emiraten en de Feriene Steaten. Se fersoargje ûnder oare de LED-skermen by it skânsspringen yn Oberstdorf en by de wrâldtoer fan U2.

"Faber Audiovisuals onderscheidt zich met een eigen opleidingsinstituut en weet hiermee hoogwaardig technisch personeel aan zich te binden, daar waar er een grote krapte is op de markt", stiet yn it sjueryrapport.

It Popgala Noord waard dit jier foar de twadde kear organisearre. Dat is op de dei foar it festival Eurosonic Noorderslag.

(advertinsje)
(advertinsje)