Soad ynteresse foar earste 'Dag van de Elfstedentocht'

15 jan 2020 - 13:00

De earste 'Dag van de Elfstedentocht' wurdt woansdei holden yn it Fries Scheepvaartmuseum yn Snits. Oanlieding is de 111e jierdei fan de Koninklijke Vereniging de Friesche Elf Steden.

De dei wurdt organisearre troch sporthistoarikus Jurryt van de Vooren. It is syn doel op jierliks op 15 jannewaris de dei fan de Alvestêdetocht te fieren. Op dy datum is de Koninklijke Vereniging de Friesche Elf Steden oprjochte.

Der binne woansdei yn Snits lêzingen, films en ynterviews mei haadrolspilers. Alle kaartsjes binne útferkocht.

Ferslachjouwer Jantine Stoffers praat mei Jurryt van de Vooren

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Ferhalen fertelle

"We hebben het over de cultuur van de Elfstedentocht", seit Jurryt van de Vooren. "Marnix Koolhaas van Andere Tijden Sport vertelt over de tocht van 1947, want de mensen die toen meededen, hebben de rest van hun hele leven ruzie gehouden, we laten Andere Tijden Sport zien over Lenie van der Hoorn, de winnares van 1985, ze is er zelf ook bij, net als de vrouwelijke winnaars van 1986 en 1997."

It fertellen fan ferhalen oer de tocht en it reedriden is neffens him belangryk. "Toen Mindert Hepkema in 1909 de vergadering belegde was het idee om elk jaar een tocht te rijden. Dat lukte niet, maar van verhalen kun je ook genieten als het 11 graden is, zoals nu." De Alvestêdetocht sprekt noch altyd oan, de 111 kaarten wienen gau útferkocht. "We wilden het een beetje exclusief houden."

Fansels hopet er dat de 16de tocht nochris komt. "Ik weet een ding zeker: de dag van de Elfstedentocht gaat volgend jaar wel door." Foar in folgjende edysje liket it him goed om jongerein derby te belûken. "Hoe zouden de jongeren van nu verhalen doorgeven? Dat gebeurt vast niet aan tafel, maar op een moderne manier met podcast en vlogs, en op Instagram, Facebook en Twitter."

Foto: ANP
Trefwurden: 
Snits Alvestêdetocht
(advertinsje)
(advertinsje)