Ljouwerter sikehûs MCL leit dataferkear stil nei cyberoanfal

15 jan 2020 - 16:35

Hackers hawwe besocht yn te brekken yn de digitale systemen fan sikehûs MCL yn Ljouwert. Ut foarsoarch hat it sikehûs dêrom no alle dataferkear nei de bûtenwrâld folslein stillein.

Pasjinten kinne tydlik net by harren elektroanysk pasjintedossier, en ek it dataferkear nei oare sikehûzen is ûnderbrutsen.

MCL wurket mei Citrix-servers foar kommunikaasje nei de bûtenwrâld. Earder dizze wike waard bekend dat it Citrix-systeem kwetsber wie foar oanfallen. Dizze oanfal hat dêr mooglik mei te krijen.

Foto: Omrop Fryslân

"Er wordt nog onderzoek gedaan, we weten nog niet alles", seit in wurdfierder fan it sikehûs. Hy seit mei klam dat de soarch foar pasjinten nettsjinsteande de oanfal trochgiet. Ek de ynterne kommunikaasjesystemen wurkje noch. Troch it ôfsluten fan it eksterne dataferkear wol it MCL foarkomme dat minsken by bedriuwsgegevens kinne.

Noch gjin oplossing

It is ûndúdlik hoe lang't de ôfsluting noch duorje sil. Dat hinget ôf hoe fluch oft Citrix de problemen oplosse kin. Foar de problemen mei Citrix besteane op dit stuit noch gjin befeiligingsupdates. Wol hat it Amerikaanske softwarebedriuw koades publisearre dy't systeembehearders ynfiere kinne om risiko's te beheinen.

Keamerfragen

It CDA hat keamerfragen steld nei oanlieding fan de cyberoanfal. Net allinne oer de gefolgen fan it stillizzen fan it dataferkear foar pasjinten yn Ljouwert, mar ek oer oare sikehuzen. Dan giet it benammen oer oft dizze sikehuzen foldwaande befeilige binne.

Frits Mostert, wurdfierder fan it sikehûs

Trefwurden: 
sikehûs MCL cyberoanfal
(advertinsje)
(advertinsje)