Kollum: "Nijjiersredes"

15 jan 2020 - 10:11

"Yn jannewaris binne de boargemasters ús helden en heldinnen. Se lulle efkes yngreven, wylst wy in buorrel nimme. Se sizze dan dat se wat dwaan sille. Sadat it liket dat wy se healwei it jier op de skouders rûntôgje sille, en dan tsjin Den Haag roppe "sa moat it".

Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Eelke Lok

Us earste held is fansels Sybrand van Haersma Buma, boargemaster fan Ljouwert. Dy hout der al yn om. Hy hie it smoardrok mei it sluten fan elk hûs dêr't hy in fage drugslucht rûke koe. Hy hie in peloton plysjes by him, dy stoden der dan yn en rôpen: dit hûs is sluten.

No is soks ek wer net sa swier. Jannewietske de Vries, de boargemaster fan Súdwest-Fryslân woe it ek besykje. No, de plysje dêr wist al jierren fan noch wol sa'n hûske, gjin inkeld kwea by. Mar as Jannewietske ek in kear wol, toe dan mar. Sluten.

Jannewietske hie ek in oar boadskip. Wy âlde toarre sekken moatte fitaler wurde. Se liet alle lju op de nijjiersresepsje in ballontsje yn de loft smite. Dêr wurde je o sa fitaal fan. En tink der om sei se, gjin gekke dingen mear frette en sûpe. Yn de bitterballen dêr siet in frjemde reade substânsje. Dat sil goed guod west hawwe, de smoargensbak lei der yn alle gefallen fol mei.

Buma wol ék dat we fitaler wurde, mar dan moat it wol goed. Hy seach op telefyzje nammentlik dat de hoerebuert yn Ljouwert fierstente goedkeap wie. Hoe komme je as sjoernalist op sa'n ûnderwerp? Mar goed, no witte we dat seks mei in plestik popke op de Weaze mear kostet as in echten. Buma, in echte fakbûnsman, wol no dat dy froulju wat mear fertsjinje. Leaf. Hy wit noch net dat der yn it hiele lân ditsoarte buertsjes binne, dêr krijt hy it noch drok mei.

Jan Rijpstra, boargemaster fan Drachten, sis mar Smellingerlân, wol dat elke wâldman syn knyft ynleveret. Yn Drachten nota bene. Dêr stiene eartiids de Houtigehaagsters en Oerterpers tsjinoer inoar en ik wist echt wol dat se allegearre in mes yn de bûse hiene. Der waard ek wolris ien stutsen, mar dat hearde noait ien. Wy binne yn de Wâlden no ienris allegearre grutbrocht mei dat je sa no en dan in hjerring of in knyn út de jas helpe moatte. Ik haw jierren letter noch in Herder yn de auto lizzen hân.

Likegoed hat Rijpstra gelyk. Doe wiene it keardels fan 17/18. No rinne de embryo's al mei molotovcocktails oer strjitte. Dus dy knyften binne wat oerdreaun. Moai is dat elkenien him of har dus aanst kompleet útklaaie moat foardat se Drachtster Suupkade opkinne, dat binne hast moaiere bylden as op de Ljouwerter Weaze.

Tjeerd van der Zwan, boargemaster fan It Hearrenfean, wol jild fan syn ynwenners hawwe. Dat is logysk, want gemeenten kinne de jeugdsoarch net betelje, wylst dat wol de opdracht fan it regear wie. Se hawwe no dus jild tekoart, en dat bringt It Hearrenfean werom nei it tafersjoch fan deputearre de Rouwe. Dat wol Van der Zwan út noch yn net. Dan leaver dat wy it betelje. Ja, hy sil it regear wol freegje minder belêsting fan ús te fangen, mar wit wol dat soks noait wat wurdt, want der moatte no ek alwer twa steatssekretarissen fan betelle wurde.

Roel Sluiter, boargemaster fan Harns, dy't altyd justjes grutter tinkt as dat er is, woe ek meidwaan. Dat gesûp yn syn gemeente moat mar ris ôfrûn wêze. Ik moast efkes oan in parsebal fan jierren herwerts tinke. Doe't boargemaster Hans de Haan fan Harns yn de pisbak njonken my stie en lûd rôp: "kom tevoorschijn lafaard". Ik wit net oft elke Harnzer syn pilske wol ynleveret. Kollega Fred Veenstra fan De Fryske Marren is foarsichtiger, hy fynt dat bern gjin drank hawwe moatte. We koene him der fierder net nei freegje, hy is neffens my noch altyd oan it wurd.

Fierder yn de nijjiersredes "gelukkig dit en gelukkig dat" en "we zullen zorgen voor dit en dat". Neat spannends. Ach, allegearre binne se leaf. Inkeld, de needsaak fan nijjiersredes ferdwynt wat. Dat hat boargemaster Harry Oosterman fan Eaststellingwerf goed sketten. Hy hat net sprutsen. Hy hat himsels siik meld. En doe hie er al dy oaren noch net iens heard."

Trefwurden: 
Kollum De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)