Jonge fan 13 yn Ljouwert oanhâlden fanwege misledigjen plysje

15 jan 2020 - 09:01

De plysje yn Ljouwert hat tiisdeitejûn in jonge fan 13 oanhâlden om't er plysjeaginten misledige hie.

It stasjon fan Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De plysje krige om acht oere jûns in melding dat ferskate jongeren oerlêst feroarsaken op it stasjon fan Ljouwert. Doe't de aginten op it stasjon kamen, die bliken dat de meiwurkers fan Veiligheid en Service twa jonges oanhâlden hiene. De bern wurken net mei, en ien fan harren woe sels fuortrinne doe't de plysje oankaam.

Doe't de meiwurkers him tsjinhâlde woene, fersette de jonge him. Hy misledige de plysjeminsken meardere kearen en fersette him bot. De jonge is oanhâlden en oerbrocht nei syn âlden. Hy sil woansdei heard wurde.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert
(advertinsje)
(advertinsje)