Ynfojûn oer emigraasje massaal besocht: boeren wolle fuort

15 jan 2020 - 08:18

Der liket in nije emigraasjeperioade te ûntstean ûnder de boeren. De regels en maatregels fan de oerheid soene in wichtige motivaasje wêze foar de drastyske ferhûsplannen.

Foto: Omrop Fryslân

Hast oeral op 'e wrâld binne Fryske boeren werom te finen. Benammen yn de tweintichste iuw hawwe in soad boerehúshâldingen it heitelân efter har litten om it op in oar plak te besykjen. Faak barde dat fanwege bettere mooglikheden yn it bûtenlân. De grutste emigraasjetiden lizze al tsientallen jierren efter ús, mar mei de hjoeddeistige diskusjes oer stikstofregelingen en fosfaatrjochten liket der in nije emigraasjeperioade op gong te kommen.

Lannen as Dútslân, Denemarken en Kanada binne op it stuit it populêrst om opnij te begjinnen mei in boerebedriuw. Yn Oranjewâld wie tiisdeitejûn in spesjale ynformaasjejûn foar boeren mei belangstelling foar in eventuele emigraasje, en dy jûn waard drok besocht. De jûn waard organisearre troch emigraasjemakelder Interfarms.

In Kanadeesk wolkom

Kees Uittenbogerd is spesjalist op it mêd fan emigraasje nei Kanada. "De Canadezen dragen de boeren nog op handen, en dat is anders dan in andere landen", fertelt er. "De bevolking staat positief tegenover de agrariërs." En ek de romte is yn Kanada in stik better as yn Nederlân: "De vergrijzing vindt ook daar plaats, daardoor zijn er plenty mogelijkheden." Dit jildt neffens Uittenbogerd net allinnich foar melkfeehâldeers mar ek foar lânbouwers en plomfeehâlders.

Ien fan de besikers fan de beurs hie wol earen nei in eventuele emigraasje: "We hebben op dit moment nog geen concrete plannen, maar als iedereen in de familie er hetzelfde over denkt zouden we daar over vijf of tien jaar best kunnen zitten."

Yn Kanada gjin diskusjes oer fosfaatrjochten of stikstofregels, en neffens Uittenbogerd binne se dêr ek mear fan de langetermynpolityk yn stee fan alle jierren wer nije regels. Dat sjogge de beursgongers wol sitten, sjocht ek Frits Bennik fan Interfarm: "Sinds dat we fosfaatrechten hebben zien we een toename van interesse in emigratie."

Op guon jûnen binne hast 150 ynteressearre boeren oanwêzich. "Dat kenden wij de laatste jaren helemaal niet meer, toen waren we al blij met 50 belangstellenden."

Harkje nei in reportaazje fan Willem de Vries

Trefwurden: 
boeren beurs emigraasje
(advertinsje)
(advertinsje)