Oerrock strikt Kensington as haadact foar 2020

De Nederlânske rockband Kensington is de haadact fan Oerrock 2020, dat hat de organisaasje woansdei bekendmakke. Njonken Kensington sille ek Miss Montreal, Kraantje Pappie en Rowwen Hèze in optreden fersoargje.
© Srfotografie
It festival wurdt dit jier foar de 21ste kear organisearre. Njonken bekende Nederlânske artysten, sil dit jier ek foar it earst in Australyske act op it podium stean. De band Wolfmother mei as earste 'Aussie' op it festival yn Oerterp stean.

Ynrjochting

It festival yn Oerterp wol de besikers dit jier net allinnich in goeie line-up biede, mar ek in oare festivalbelibbing. Dêrfoar wurdt it terrein oars yndield: de foodcorner sil opsplitst wurde, om sa it oanbod fan iten better oer it terrein te ferdielen. Dêrnjonken komt der in ekstra wc-gebiet.
Ek de kaartferkeap sil dit jier oars ferrinne: de kaarten wurde mei in nij systeem ferkocht, wêrmei't tickets ferbûn binne oan in smartphone. Hjirtroch binne se minder maklik troch te ferkeapjen.

Ferskate sjenres

Bestjoerslid Jorryt Taekema tinkt dat de Oerrock besikers tefreden wêze kinne mei de line-up: "We bieden een gevarieerde line-up. In de programmering houden we er bovendien rekening mee dat de bezoekers, door verschillende genres tegenover elkaar te zetten, altijd een keuze hebben."
De ynfolling fan de freedtejûn, dy't tradisjoneel fergees tagonklik is, is noch net bekend.
Jorryt Taekema
De foarferkeap fan it festival set woansdei om 8:00 moarns útein.