A7 tusken Drachten en Grins oant de middei ticht

15 jan 2020 - 07:25

Op de A7 by Leek is woansdeitemoarn in trailer fan sân meter kantele. De frachtweinkombinaasje ferfierde rys en soarge foar in grutte ravaazje op de sneldyk.

Foto: De Vries Media

It ferkear stiet troch it ûngelok fêst tusken de ôfrit Fryske Peallen en Leek. Om sân oere moarns hinne stie der in file fan sa'n seis kilometer, mei in fertraging fan 85 minuten. It ferkear waard earst noch fia de flechtstreek laat, mar frij gau is de dyk folslein ôfset.

De ANWB ferwachtet dat de dyk om it middeisoere hinne wer iepen is.

(advertinsje)
(advertinsje)