Twivel oer foech sinnepark Easterwâlde: "Minister moat dúdlikheid jaan"

15 jan 2020 - 06:45

De minister moat skriftlik nochris befêstigje dat it foech foar de oanlis fan it sinnepark yn Easterwâlde by de gemeente leit en net by it ministearje. Dêr freget it kolleezje fan de gemeente Eaststellingwerf om. Se wolle de ûndúdlikheid fan tafel, foardat de rjochter op 3 febrewaris de oanlis fan it park behannelet yn in proseduere.

It plan foar it sinnepark yn Easterwâlde - Foto: The Imagineers

Neffens de rjochtbank Noard-Nederlân is de ferkearde proseduere folge en dêrom is der twivel oer oft it beslút wol stânhâldt yn de beropssaak. It Feanster bedriuw GroenLeven bout it park yn de greiden tusken Easterwâlde en Appelskea. Fan de gemeente meie der 130.000 sinnepanielen komme. Dêrmei wurdt dit it grutste sinnepark fan Fryslân.

Omdat it sa grut is, soe it foech neffens de rjochtbank net by de gemeente lizze, mar by it ministearje. Mar Den Haag sei earder wol dat de gemeente ferantwurdlik is. Dat wol it kolleezje no swart op wyt hawwe.

Wol wurk oan it sinnepark

Neffens de Fryske Miljeufederaasje (FMF) is by it bepalen fan de lokaasje gjin rekken hâlden mei it lânskip, de kultuerhistoarje en omwenners. De bou fan it park leit op it stuit stil, mar der wurdt wol wurke op oar in part fan it terrein. "Dat mag ook gewoon van de rechter", sei GroenLeven-wurdfierder Maarten de Groot earder. "Er zijn twee vergunningen. Een daarvan, die van de uitbreiding van het park, is geschorst." Hy ûntkent dat der wurke wurdt op de stikken lân dêr't de útwreiding op komme moat: "We zouden wel gek zijn ons niet te houden aan de uitspraak van de rechter."

(advertinsje)
(advertinsje)