Boargemaster Eaststellingwerf troch it stof om finansjele problemen Biosintrum

15 jan 2020 - 06:40

Boargemaster Harry Oosterman fan Eaststellingwerf is tiisdei by in kommisjefergadering troch it stof gien. Hy lies in ferklearring foar oer de finansjele problemen oangeande it Biosintrum yn Easterwâlde. "Achteraf hebben we een aantal zaken niet goed ingeschat", sei Oosterman. "We hadden u eerder moeten informeren."

Kommissaris fan de Kening Arno Brok en boargemaster Harry Oosterman iepenen it Biosintrum - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Oosterman sei dat er der nachten net fan sliept hat. "Dat is echt zo. Het spijt me dat het zo gelopen is, maar ik heb het naar eer en geweten gedaan. Maar achteraf hebben we verkeerde verwachtingen gewekt over de exploitatie."

Der is in tekoart oer de kommende trije jier by it Biosintrum. Boppedat wie de liening earst 1,6 miljoen en it kolleezje wol dêr noch in kwart miljoen ekstra yn stekke. Neffens D66 hat de liening gjin sin, no't it Biosintrum hielendal gjin jild hat om it ôf te lossen. Ek de VVD wol der gjin ekstra jild yn stekke.

"Geloofwaardigheid burgemeester is in het geding"

Fraksjefoarsitter Tammo Munting fan D66 easke fan de boargemaster in antwurd op de fraach wêrom't de ried net earlik ynformearre is oer de ôffallers, doe't dy by it kolleezje wol bekend wiene. "De geloofwaardigheid van de burgemeester is in het geding, de raad is niet naar waarheid geïnformeerd. Er is een grote bagger van gemaakt."

De boargemaster seit him dy diskusje net goed heuge te kinnen. "Ik heb me uw woorden buitengewoon aangetrokken, we hebben u er niet in laten tuinen."

Sierd van Weperen (VVD) stelde dat wethâlders om minder slimme feiten wol nei hûs stjoerd wurde. "Maar ik ben daar niet op uit."

Wethâlder Fimke Hijlkema komt yn febrewaris mei in plan. De ried bepaalt dizze moanne noch net oft der ekstra jild nei it Biosintrum moat.

(advertinsje)
(advertinsje)