Kotter yn Skylger haven losslein troch hurde wyn
In kotter is yn de nacht fan tiisdei op woansdei losslein yn de haven op Skylge.
Troch de stoarm en de hege wetterstân, sloech de kotter los fan de trossen. Bergers fearen út en hawwe de kotter werom nei it lisplak sleept en goed fêstlein.
It is net bekend oft der sprake is fan skea oan de kotter of oare skippen yn de haven.