Ljouwerter fjoerwurkferkeaper Rurenga: "Je schiet weinig op met een vuurwerkverbod"

14 jan 2020 - 23:00

Mei in fjoerwurkferbod sjitte je net folle op, seit fjoerwurkferkeaper Jos Rurenga fan De Stunthal yn Ljouwert. Regearingspartijen VVD en CDA fine dat der in ferbod op knalfjoerwurk komme moat. It konsumintefjoerwurk is te gefaarlik, sizze se. Mar neffens Rurenga, dy't al 22 jier lang fjoerwurk ferkeapet, lost in ferbod neat op.

Fjoerwurkhanneler Jos Rurenga - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Neffens Rurenga falle der benammen slachtoffers troch yllegaal fjoerwurk. "Dat illegale gaat blijven. Sterker nog, het wordt alleen maar meer. Dat is het probleem wat nu gaat ontstaan. Alleen, daar willen ze gewoon niet aan in Den Haag." Neffens him moat de polityk wat oan it swiere fjoerwurk dwaan, dat de lêste jierren hieltyd mear ferkocht wurdt.

As it knalfjoerwurk ferbean wurdt, sil er dat saaklik wol fernimme, seit Rurenga. "We gaan het wel merken, en je gaat vooral de jongere mensen tekort doen. Het vuurwerk blijft wel verkocht worden, dat geloof ik echt wel heilig."

It fjoerwurk is yn tweintich jier tiid moaier, grutter en moderner wurden, fertelt er. De showroom mei it fjoerwurk yn syn saak bliuwt der it hiele jier stean. Allinnich de lêste trije dagen fan it jier meie se it fjoerwurk ferkeapje. "We gebruiken het gewoon als opslag en het is ook wel gezellig zo. Afbreken is me teveel werk."

Ferslachjouwer Willem de Vries praat mei fjoerwurkferkeaper Jos Rurenga

Jos Rurenga oer it fjoerwurkferbod

(advertinsje)
(advertinsje)