CDA Smellingerlân oer krisis tusken PvdA en ELP: "Der sil mear oan 'e hân wêze"

14 jan 2020 - 22:12

De reden dy't de PvdA jout oer de fertrouwensbreuk mei de ELP yn de gemeente Smellingerlân, kin net de iennichste wêze. Der moat mear wêze, tinkt fraksjefoarsitter Karin van der Velde fan opposysjepartij CDA. "Der sil mear oan 'e hân wêze en dat witte wy as opposysjepartijen natuerlik net altyd."

Gemeentehûs Smellingerlân - Foto: Omrop Fryslân

De ELP wol sels ûndersyk dwaan nei oft in subsydzje foar teäter De Lawei yn Drachten omset wurde kin yn in rinteleaze liening. Mar it kolleezje, dêr't de partij dus sels yn sit, soe dat ek al dwaan. Neffens de PvdA is dat in teken fan wantrouwen nei it kolleezje ta. PvdA-wethâlder Trompetter hat syn ûntslach tiisdeitemoarn oanbean oan de boargemaster, mar hy bliuwt wol oan it wurk oant der in opfolger is.

Van der Velde hat tiisdei, lykas alle oare fraksjefoarsitters, in petear hân mei boargemaster Jan Rijpstra oer de ûntstiene sitewaasje. Van der Velde: "De Partij van de Arbeid is ôfswaaid en it kolleezje is no behoarlik lam wurden wêrtroch't der wol in nije situaasje is dat der wat gebeure moat." Se is benijd hoe't it no fierder giet. De partij stapt net samar yn it gat dat de PvdA efterlit, seit se.

Woansdei brief mei ynfo

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente Smellingerlân komt woansdei mei in brief oer de krisis binnen it kolleezje. De oerbleaune partijen ha tiisdeitejûn oerlis hân. Oer de útkomst wolle se foarearst noch neat sizze. Boargemaster Jan Rijpstra wol earst de gemeenteried ynformearje.

Fraksjefoarsitter Karin van der Velde fan opposysjepartij CDA Smellingerlân

(advertinsje)
(advertinsje)