Organisaasje Fuerza Bruta krijt gjin ekstra finansjele stipe fan provinsje

14 jan 2020 - 21:39

De organisaasje fan Fuerza Bruta hoecht net op finansjele stipe fan de provinsje te rekkenjen. Yn it foar hie de organisaasje de kâns har oan te sluten by in garânsjefûns fan de provinsje, mar dêr woene se gjin gebrûk fan meitsje. No't de kaartferkeap ôffalt kin de organisaasje net weromfalle op de provinsje, sa seit deputearre Sietske Poepjes.

Claudia Woolgar, artistyk lieder fan de organisaasje, sei earder dat der 16.500 besikers nedich wiene om finansjeel lyk te spyljen. Der wiene 22.000 kaarten beskikber, dêr't sa'n 11.000 fan ferkocht binne.

Gjin berop op garânsjefûns

De organisaasje efter Fuerza Bruta hie yn it foar de kâns om mei te dwaan mei in garânsjefûns fan de provinsje. "Dêr is net in berop op dien troch dizze organisaasje", sa seit deputearre Sietske Poepjes. No't de kaartferkeap ôffallen is, hoecht de organisaasje dan ek net de hân op te hâlden by de provinsje. Poepjes: "In garânsjefûns wurket net as je der efterôf in berop op dwaan kinne."

Fuerza Bruta wie it earste grutte projekt yn it ramt fan de saneamde legacy LF2028. Dat it gjin grut sukses wurden is, hoecht neffens Poepjes neat te betsjutten. "De útfiering fan de neilittenskip ha wy by de wurkorganisaasje LF2028 dellein. Sy ha de rezjy, sy dogge de útfiering. Wy jouwe se jild, mar wy sitte net as earste efter it stjoer. De kar oer programma's leit dan ek net by ús."

"Se ha wol wat doard"

Wol sil der in evaluaasje folgje. "As wat ôffalt, moatte wy it der mei syn allen oer ha, oer wat it betsjut foar de takomst. Mar wannear't it net sa útpakt ast hopest, hoecht net per definysje min te wêzen. Jo moatte ek wolris wat doare. En de minsken efter Fuerza Bruta ha wol wat doard. En dat fyn ik ek wat wurdich."

(advertinsje)
(advertinsje)