D66 wer yn kolleezje Súdwest-Fryslân: "We willen graag rust in de gemeente"

14 jan 2020 - 21:17

D66 komt werom yn it kolleezje fan Súdwest-Fryslân. Nei in fertrouwenskrisis en it brekken mei de Partij van de Arbeid socht de koälysje in nije partij om mei gear te wurkjen. Dy is dus fûn yn D66. "We hebben vier jaar in het college gezeten en zijn eruit geraakt omdat de verkiezingsuitslag tegenviel", seit Mirjam Bakker, dy't foardroegen wurdt as wethâlder. "Nu zijn we na twee jaar weer terug. Daar hebben we zin in."

Foto: Omrop Fryslân, Oane Hoekstra

Neffens Bakker hat D66 goede petearen hân mei de oare koälysjepartijen en kinne se har goed fine yn it akkoart dat der al lei. "We hebben meteen gezegd dat het heel erg lijkt op het coalitieakkoord dat wij toen zelf hadden, toen wij in het college zaten. Wat krijgen we ervoor terug? We willen dat er wat rust komt in de gemeente."

Twa jier lyn keazen de oare partijen der nei de ferkiezingen net foar om fierder te gean mei D66. "We hadden verloren na de verkiezingen", jout Bakker ta. "En GroenLinks was bijvoorbeeld van één naar drie zetels gegaan. Dus is de keuze gemaakt om voor de winnaar te kiezen. Zo werkt het in de politiek."

Net benaud foar problemen mei Offinga

D66 komt no yn in koälysje mei GrienLinks, VVD en CDA. Bakker har foargonger, Stella van Gent, hie pittige útspraken oer CDA-wethâlder Maarten Offinga. Sa hie se it ûnder oare oer 'bokitogedrach'. Bakker is net benaud foar problemen. "Ik vind het wel een mooie term, maar ik heb natuurlijk eerder gewerkt in een college met Maarten Offinga en Gea Wielinga. Volgens mij komt dat helemaal goed. Die vier jaar hebben we een goede sfeer gehad. Er was wel eens wat, maar dat heb je denk ik in elk college."

Se wit noch net wat yn har portefúlje komt. "Deze week ga ik om tafel met de andere wethouders en dan gaan we kijken hoe de portefeuilleverdeling is. In de vorige periode had ik bijvoorbeeld kunst en cultuur, dat vind ik een fantastisch onderdeel van de gemeente. Dat zou ik graag weer willen hebben", seit se.

(advertinsje)
(advertinsje)