Minister Schouten bliid mei stipe fan foarstanners kringlooplânbou

14 jan 2020 - 21:09

Minister Carola Schouten fan Lânbou is bliid mei de stipe dy't se krijt fan in groep fan sa'n 60 organisaasjes dy't tiisdei in 10-stappeplan oan har oerlange ha. De organisaasjes dy't harren mei natuer, miljeu en lânbou dwaande hâlde, wolle mei it plan natuerynklusive kringlooplânbou realisearje.

Om ekstra omtinken te freegjen foar harren idee ha se in tocht fan 10 kilometer rûn, fan Delfgauw nei Den Haag, foardat se it plan oerlangen oan de minister. En dy is posityf oer de omslach dy't de boeren meitsje wolle fan tradisjonele nei kringlooplânbou: "Deze boeren kunnen laten zien dat het kan. En dan wil ik graag weten wat er nog meer voor nodig is, om anderen daarbij te helpen en ook om dit nog verder te brengen."

Neffens de minister is der wol tiid foar nedich: "De landbouw zoals we die nu kennen, is ook in vijftig jaar ontstaan. Dus het is niet zo dat ik het in één jaar zomaar kan omdraaien. Alleen, we moeten wel beginnen. Als we er nooit aan beginnen, zullen we het nooit halen."

Minister Carola Schouten sprekt dielnimmers kringloopkuier ta - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Minister Carola Schouten fan Lânbou

Marcia de Graaf fan it boargerinisjatyf Kening fan 'e Greide en belutsen by de Kring-Loop kuiertocht is tefreden oer de reaksje fan de minister. De dielnimmende organisaasjes wolle graach fierder yn petear mei de minister oer it plan en dat is slagge. "De útnûging is der fan har kant, dus dêr geane wy ek op yn", seit de Graaf. Neffens har is gearwurking tusken alle belutsen partijen tige wichtich en Kening fan 'e Greide wol dêr ek graach by helpe.

Marcia de Graaf fan it boargerinisjatyf Kening fan 'e Greide

Kening fan ’e Greide by Twadde Keamer - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Neffens de organisaasjes dy't tiisdei yn Den Haag wiene, kinne boeren in bydrage leverje oan de oplossing fan bygelyks it stikstofprobleem en mear tagean nei in miljeufreonliker bedriuwsfiering. Sjoerd Miedema hat in boerebedriuw yn Haskerdiken. Hy hat it roer in tal jierren lyn folslein omgoaid. Dat gie lykwols net fansels, fertelt er. "It foel net mei, dy omskeakeling. Moast earst sels yn 'e holle feroarje en dan de finansiers noch mei krije. It is slagge, mar it wie wol even in dobberke."

De grutste drompel by it omskeakeljen wie it ferskil tusken de gongbere molkpriis en de hegere biologyske kostpriis. It feefoer is bygelyks hast in kear sa djoer, seit Miedema. Hy hat syn bedriuw ôfskaald, en wol úteinlik fan 400 nei 200 kij. Miedema advisearret boeren dy't ek omskeakelje wolle, earst te begjinnen mei natuerynklusyf buorkjen. "Ik waard dêr gewoan wekker en bliid fan. Ik tocht: goh, wat is dit leuk."

Kringloopboer Sjoerd Miedema

(advertinsje)
(advertinsje)