Beam waait om yn Sint-Anne en falt op kabels

14 jan 2020 - 20:11

Yn Sint-Anne is tiisdeitejûn in beam omwaaid en op kabels mei stroomferljochting fallen oan de Beuckelaerstrjitte. Oarsaak is de hurde wyn. De beam lei dwers oer de dyk.

Foto: AS Media

Yn de hiele provinsje is koade giel fan krêft. Der kinne wynstjitten fan 75 kilometer de oere foarkomme. Yn it Waadgebiet is der sels kâns op wynstjitten fan maksimaal 90 kilometer de oere. Yn de twadde helte fan de nacht soe de hurde wyn wer ôfnimme moatte.

Meiwurkers fan de gemeente Waadhoeke en de brânwacht ha de beam yn stikken seage en de kabels fan de dyk ôf helle.

Trefwurden: 
Sint-Anne beam hurde wyn
(advertinsje)
(advertinsje)