Auto nei twa dagen út Lauwersmar helle

Ut de Lauwersmar is tiisdei in auto út it wetter helle, dy't der sneintemiddei yn telâne kaam. In dûkbedriuw út Stiens hat moandei en tiisdei oeren oan it sykjen west. Mei help fan Rykswettersteat koe de auto úteinlik fûn wurde.
© De Vries Media
It wie net dúdlik wêr't en hoe't de auto presys yn it wetter telâne kaam wie. De berger is dêrom op in boat fan Rykswettersteat stapt, om foto's te meitsjen fan de mar. Dêrop wie de auto te sjen.
De dûker is tiisdei mei in stik tou it wetter yn gong, om de auto fêst te knoopjen. Dat wie dreech, omdat de auto foar in part fêst siet yn it slyk. Uteinlik slagge it om in ketting oan de auto fêst te binen. Sa slagge it om de auto nei de kade by De Skâns te heljen en boppe wetter te takeljen.