PvdA yn Twadde Keamer stelt fragen oer belizzers dy't huzen opkeapje yn Ljouwert

14 jan 2020 - 19:36

It Ryk moat soargje foar in wenplicht foar belizzers op de huzemerk. Dat fynt de PvdA yn de Twadde Keamer. De partij komt mei de oprop nei oanlieding fan de problemen op de huzemerk yn Ljouwert en Grins, skriuwt RTV Noord.

It Naauw yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De prizen fan huzen binne yn de stêd Grins ûnbetelber heech, seit de PvdA. Twadde Keamerlid Henk Nijboer fan de PvdA stelt fragen oan minister Van Veldhoven. Yn Ljouwert spylje wer oare problemen.

"Mensen met normale inkomens kunnen niet meer in de noordelijke hoofdsteden wonen", seit er. Hy wol fan de minister witte oft it kloppet dat yn Ljouwert en Grins hieltyd mear huzen troch belizzers kocht wurde en dêrnei ferhierd wurde.

Wenplicht foar gemeenten dy't dat wolle

De minister moat dêrom in wenplicht mooglik meitsje foar gemeenten dy't dat wolle. "Dat kan starters op de woningmarkt helpen een betaalbaar huis te vinden."

Yn de stêd Grins is sprake fan wenningneed. Dat is yn Ljouwert net it gefal, sa lit de Ljouwerter wethâlder Hein de Haan optekenje yn de Ljouwerter Krante. Hjir wurde huzen opkocht troch belizzers om se om te bouwen ta studio of bygelyks te ferhieren oan soarchûndernimmers.

(advertinsje)
(advertinsje)