Jild regiodeal ferdield: 7 miljoen nei Holwert oan See

14 jan 2020 - 19:24

Fan de 25 miljoen euro dy't it Ryk yn de leefberens fan it noardeasten fan Fryslân stekt, giet 7 miljoen nei Holwert oan See. De oare 18 miljoen giet nei de saneamde 'versnellingsagenda', in plan om de ekonomy en leefberens rap sterker te meitsjen.

Deputearre Sietske Poepjes oer de jildferdieling:

"De fersnellingsaginda binne moaie projekten dy't de gemeenten yn it noardeasten graach útfiere wolle foar de bewenners", seit deputearre Sietske Poepjes.

Holwert oan See 'sjit aardich op'

Foar Holwert Oan See is de folsleine begrutting noch net hielendal rûn. "Mar it sjit wol aardich op", neffens Poepjes. "Dêrom binne we no ek hiel goed yn petear mei it Ryk en de minsken fan Holwert oan See om it echte begruttingsplaatsje rûn te krijen."

Poepjes doart noch net te sizzen wannear't de skep de grûn yn kin. "Mar sjochst wol dat der de ôfrûne jierren in hiel soad wurk ferset is. Der komt ek hieltyd mear jild út alderhande potsjes beskikber. It is in prachtich mienskipsprojekt."

Ympresje fan Holwert oan See:

(advertinsje)
(advertinsje)