Man bespuitet freon fan buorfrou mei urine: selstraf easke

It Iepenbier Ministearje hat tiisdei in selstraf easke tsjin in 47-jierrige âld-ynwenner fan Easterstreek, omdat er ein 2018 de freon fan syn buorfrou mei urine bespuite hat. De easke selstraf is lyk oan de perioade fan it foararrest fan mear as trije moannen plus twa moannen ûnder betingst.
De rjochtseal yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De man moat him ek behannelje litte en hy mei twa jier lang gjin drugs brûke. De fertochte hat yn de simmer fan 2018 in koarte relaasje hân mei de buorfrou. Neidat de relaasje út rekke, hat er har lange tiid bedrige en op in oare manier dwers sitten. Sa hat de man beledigjende teksten op syn sinneskerm skreaun en soe er in lekken mei teksten foar it rút fan syn buorfrou hongen ha. Doe hat er ek de nije freon fan de frou mei urine bespuite.
De man waard ferline jier frijlitten ûnder betingst dat hy syn wenning yn twa dagen tiid leechhelje soe. Ek mocht er gjin kontakt mear mei de frou ha. Undertusken is de fertochte ferhuze nei de provinsje Grinslân. De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.