Ridende auto fljocht yn 'e brân yn Bûtenpost

14 jan 2020 - 18:47

Yn Bûtenpost is tiisdei in ridende auto yn de brân flein. De bestjoerder ried oer de Parallelwei, doe't der reek ûnder de motorkape wei kaam. De auto is folslein útbrând.

Foto: De Vries Media

Doe't de man seach dat de auto yn 'e brân stie, sette er de auto oan de kant en besocht er it fjoer út te meitsjen. Dat slagge hast net. Dêrnei hat de brânwacht de brân wol útmakke, mar fan de auto bleau net in soad mear oer.

De bestjoerder koe wol foarkomme dat de brân oersloech nei de trailer efter de auto, dêr't fee yn siet. It fee rekke net ferwûne.

Trefwurden: 
Bûtenpost autobrân
(advertinsje)
(advertinsje)