Restauraasje Looxmagrêft úteinset mei delheljen tolve beammen

14 jan 2020 - 18:26

Mei it delheljen fan tolve beammen is de restauraasje fan Looxmagrêft yn Snits dizze wike úteinset. Goed in jier lyn ûntstie in gefaarlike situaasje, omdat de monumintale kade slim fersakke wie.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Sûnt dy tiid meie der gjin auto's oan de kade parkearre wurde. Oant de simmerfakânsje sil de oannimmer oan de slach mei it ferstevigjen fan de 180 meter lange kade.

De renovaasje hat sa lang op him wachtsje litten, omdat de gemeente pas dit jier de oardel miljoen euro dy't nedich binne, frijmeitsje koe.

(advertinsje)
(advertinsje)