Fertochte fan Tesla-brannen ein febrewaris foar de rjochter

14 jan 2020 - 17:58

In man út Noardwâlde dy't derfan fertochte wurdt dat er oant twa kear ta de auto fan in advokate út De Jouwer yn de brân stutsen hat, komt ein febrewaris foar de rjochter.

De útbrânde Tesla - Foto: J. de Jong

De man hat in lang strafblêd. Njonken in rige stellerijen soe hy twa jier lyn de Tesla fan de advokate yn de brân stutsen ha, in moanne letter die er dat noch in kear. Sels ûntkent er dat.

De fertochte hat psychyske problemen. Hy hat ek foar observaasje yn it Pieter Baan Centrum west. It rapport fan dy opname is oer in pear wiken klear, is de ferwachting.

(advertinsje)
(advertinsje)