Heech wetter: net parkearje by de haven fan Skiermûntseach

De plysje fan Skiermûntseach advisearret om tiisdeitejûn gjin auto's op it parkearplak by de haven del te setten. Der wurdt yn de nacht heech wetter ferwachte.
De haven fan Skiermûntseach © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
It KNMI hat foar tiisdeitejûn en -nacht koade giel ôfjûn foar de provinsje Fryslân fanwege kâns op swiere wynstjitten. De warskôging jildt fan 19.00 oere ôf.
Foarearst geane de feartsjinsten wol gewoan troch. Yn desimber advisearre de plysje ek al om dêr net te parkearjen fanwegen heech wetter. Doe foelen twa ôffearten fan de feartsjinst út.