GrienLinks Hearrenfean hat fragen oer op strjitte setten ferstanlik beheinde man

14 jan 2020 - 17:03

GrienLinks yn de gemeente Hearrenfean stelt fragen oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders oer it op strjitte setten fan in licht ferstanlik beheinde man troch Friesland Begeleid Wonen. De 26-jierrige pasjint kin himsels net rêde. De fraksje fan GrienLinks wol witte wêrom't de man op strjitte set is, wylst hy in gefaar wêze koe foar himsels en oaren.

Foto: ANP

Neffens de direkteur fan Friesland Begeleid Wonen is it beëinigjen fan de help yn oerlis gien mei de gemeente. De man soe in bedriging wêze foar it personiel. De man kaam dêrnei terjochte by de nachtopfang Zienn yn Ljouwert, dêr't hy in meiwurker mishannele ha soe. Neffens Zienn wie de eftergrûn fan de man dêr net bekend, mar Friesland Begeleid Wonen seit dat der wol kontakt west hat oer de situaasje fan de pasjint.

Neffens GrienLinks binne de helpferlieners fan Zienn ûnnedich yn gefaar brocht. "Het officiële beleid van de gemeente Heerenveen is in voorkomende situaties gericht op de-escalatie. GroenLinks vraagt zich af of het op straat zetten van deze cliënt niet juist heeft geleid tot escalatie", skriuwt de partij.

(Advertinsje)
(Advertinsje)