Kondoleânsjeregister yn Dronryp foar Aart Staartjes

14 jan 2020 - 16:23

De gemeente Waadhoeke iepenet in kondoleânsjeregister foar Aart Staartjes, dy't ôfrûne wykein stoar nei in ferkearsûngelok yn Ljouwert. Staartjes (81) wie sûnt 2012 ynwenner fan Dronryp. It kondoleânsjeregister is yn de biblioteek fan MFC D'Ald Skoalle yn Dronryp.

It kondoleânsjeregister - Foto: Eigen foto

Dêr kinne minsken tiisdei fan 16.00 oant 18.00 oere en woansdei en tongersdei fan 13.30 oant 18.00 oere teplak. Der is ek in plak om blommen del te lizzen.

Yn Dronryp hong moandei de flagge healstôk fanwege it ferstjerren fan Staartjes. Ek ha de tsjerkeklokken tsjin syn hûs oer in kertier lang let.

Aart Staartjes yn Sesamstraat - Foto: ANP
(advertinsje)
(advertinsje)