Bert Middel fuort út ried fan kommissarissen fan Caparis

It rommelet by sosjale wurkfoarsjenning Caparis. Al nei alve moannen stapt âld-boargemaster fan Smellingerlân Bert Middel wer út de ried fan kommissarissen fan Caparis. De ûndernimmingsried is it net iens mei it fuortgean fan Middel en wol dat hy opnij oer syn beslút neitinkt.
Bert Middel © Omrop Fryslân
Dat lit de ûndernimmingsried witte yn in reaksje. Middel kaam yn it plak fan Pieter de Kroon, dy't earder dit jier fuortgie út de ried fan kommissarissen nei oanlieding fan diskusjes oer de hichte fan de beleanningen foar bestjoerders.
De ûndernimmingsried komt foarearst net mei in nije kandidaat. De ried wol earst dat der dúdlike ôfspraken makke wurde wêrby't garandearre wurde kin dat rfk-leden harren wurk goed dwaan kinne.
Middel is sels net berikber foar kommentaar.