SC Hearrenfean yn oefenduel krekt te sterk foar Heracles

14 jan 2020 - 16:01

SC Hearrenfean hat tiisdeitemiddei de lêste oefenwedstriid yn tarieding op de twadde seizoenshelte wûn. Yn it Erve Asito-stadion wie de Fryske ploech mei 3-2 te sterk foar kompetysjegenoat Heracles Almelo.

Jordy Bruijn yn in eardere wedstriid tsjin Heracles Almelo - Foto: www.orange-pictures.nl

Al yn de fjirde minút kaam SC Hearrenfean nei in flater yn de definsje by Heracles op foarsprong troch in doelpunt van Joey Veerman. Goed tsien minuten letter kaam de thúsploech op likense hichte doe't Lucas Schoofs in hoekskop binnen kopte. Ferdigener Sven Botman fan Hearrenfean wie yn de earste helte ek noch tichtby in kopgoal, mar syn ynset waard fan de line helle.

Nij alvetal

Yn it skoft wiksele trainer Johnny Jansen it komplete alvetal. Dy nije spilers seagen al gau tsjin in efterstân oan, doe't Mauro Júnior in frije skop efter doelman Filip Bednarek skeat. In kertier foar tiid waard dy efterstân yn twa minuten omset nei in foarsprong, en dus úteinlik de oerwinning, troch doelpunten fan Jordy Bruijn en Rami Hajal.

Opstelling SC Hearrenfean earste helte: Hahn; Van Rhijn, Dresevic, Botman, Woudenberg; Veerman, Faik, Kongolo; Ejuke, Halilovic en Van Bergen.

Opstelling SC Hearrenfean twadde helte: Bednarek; Floranus, Høegh, Skovgaard, Van Hau; Akujobi, Nunumete, Hajal; Bruijn, Smit en Van der Heide.

(advertinsje)
(advertinsje)