Sterke man Jitse Kramer is klear foar wedstriid fan Arnold Schwarzenegger

14 jan 2020 - 15:52

In auto fan 300 kilo tilt er mei gemak op. Ek wie Jitse Kramer út Ljouwert alris de sterkste man fan Fryslân en fan Nederlân. Kommende sneon nimt hy it op tsjin de sterkste manlju fan de wrâld. Dat docht Kramer by de Arnold Pro Strongman World Series yn Amearika, in wedstriid dy't organisearre wurdt troch Arnold Schwarzenegger.

Kramer hat in pear dagen ferlyn syn lêste training hân. No sparret er syn krêften foardat er nei Santa Monica fljocht. "Lekker ite, lekker sliepe en neat dwaan. Gewoan genietsje fan de arbeid dy't ik dien ha", seit de krêftpatser. De wedstriid wurdt ek wol de Champions League foar sterke manlju neamd. "It binne de swierste wedstriden fan de wrâld. De top tsien docht dêr oan mei, wêrûnder dus ik. Dat makket it gewoan hiel spesjaal. In swierdere wedstriid is der eins net."

Feestje by Schwarzenegger

Kramer die in jier ferlyn ek al mei oan dizze wedstriid. Hy is doe sels troch Arnold Schwarzenegger útnûge foar in feestje by him thús én hat sels mei de akteur praat. "Dat giet fansels net hiel djip. It is gewoan even fan: 'hoe giet it en wat leuk datst der bist'. It is in hiele relaxte man", seit Kramer. "Hy is hast 75 en hoecht neat mear te bewizen. Hy docht allinnich noch mar dingen dy't hy leuk fynt en sterkste man fynt er hartstikke leuk."

Foto: Omrop Fryslân

Dizze kear sil er wat spesjaals foar de akteur meinimme: klompen fan Scherjon. "Ik sil woansdei in pear ophelje. Hy hat in reedlik grutte maat, likernôch 46,5 of 47. Dus dy moatte spesjaal foar him makke wurde, in spesjale ferzje foar him."

Ferslachjouwer Johanna Brinkman prate mei Jitse Kramer

(advertinsje)
(advertinsje)