Lichem fan frou (57) fûn yn fiver by Wynjewâld

14 jan 2020 - 15:23

De plysje hat yn de Freulefiver by Wynjewâld it lichem fûn fan in frou fan 57 jier út Drachten. De frou wie sûnt moandeitejûn fermist.

Plysje logo - Foto: Omrop Fryslân

It is noch net bekend hoe't de frou yn de fiver telâne kaam is. Der is gjin sprake fan in misdriuw, sa lit de plysje witte.

(advertinsje)
(advertinsje)