Minister: yn alle gefallen gjin tunnel nei It Amelân

14 jan 2020 - 18:33

Der komt yn alle gefallen gjin tunnel fan de fêste wâl nei It Amelân, as it oan minister Cora van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat leit. Dat skriuwt se tiisdei yn in brief oan de Twadde Keamer. In tunnel soe ien fan de trije mooglikheden wêze om It Amelân better tagonklik te meitsjen, mar neffens Van Nieuwenhuizen hoecht dy opsje net ûndersocht te wurden.

De provinsje Fryslân wol just wol dat alle opsjes ûndersocht wurde:

De provinsje Fryslân en de gemeenten Amelân en Noardeast-Fryslân advisearje de minister just om wol alle opsjes ûndersykje te litten. It giet om it ferbetterjen fan de besteande farferbining, ferpleatsing fan it oanlisplak fan de fearboat fan Holwert nei Ferwert en dus in tunnel. Se sizze wol dat in tunnel it minst wierskynlik is.

Dat de minister de tunnel net fierder ûndersykje litte wol, hat te krijen mei de kompleksiteit. It soe in protte jild kostje om soks te meitsjen en te ûnderhâlden. Dat is it net wurdich neffens de minister, omdat der dêrfoar net genôch minsken fan en nei it eilân reizgje. Boppedat soe it net goed wêze foar de 'sosjaal-ekonomyske struktuer' fan It Amelân en fan it Waadgebiet. Wat se dêrmei presys bedoelt, ljochtet de minister fierder net ta yn de brief.

Radikale maatregels

Der binne gjin ienfâldige oplossingen foar it tagonklikheidsprobleem fan It Amelân. Op de farrûte binne geregeld grutte fertragingen. Om betroubere reistiden garandearje te kinnen, binne radikale maatregels nedich, sizze de belutsen partijen. Oplossingen moatte yn it geunstichste gefal yn 2029 klear wêze, it jier dat de nije fergunning foar it ferfier nei it eilân yngean sil.

Provinsje, Amelân en Noardeast-Fryslân binne sûnt septimber 2018 dwaande mei it sykjen nei oplossingen foar in bettere berikberheid fan it eilân. Dat dogge se yn opdracht fan de minister en ûnder lieding fan Rykswettersteat. Yn septimber ferline jier kamen se mei de folgjende trije mooglikheden: de besteande ferbining behâlde, in súdlikere farrûte nei Ferwert of in tunnel ûnder de Waadsee troch.

De fearboat en wettertaksy nei It Amelân - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Alle trije senario's hawwe neffens de provinsje wat foar en tsjin, en der is mear ûndersyk nedich om in goede kar meitsje te kinnen. It advys oan de minister is om goed oer alle trije senario's nei te tinken. De partijen freegje de minister sa gau as mooglik de baten en kosten fierder út te wurkjen en sa ta in oplossing te kommen.

(advertinsje)
(advertinsje)