HEA! Mei de pipowein troch Sweden

14 jan 2020 - 13:48

Riekele Veenstra hat in dream: mei in pipowein troch Sweden reizgje. De wein bout er hielendal sels. Skroefke foar skroefke, plankje foar plankje. It wurdt in moaie smûke wein. Alles sit deryn: in wenromte, sliepkeamer, keuken en badkeamer. Der sit sels in houtkachel yn. Noch in pear moannen timmerjen en dan is Riekele klear foar it aventoer.

Trefwurden: 
Hea! pipowein
(advertinsje)
(advertinsje)