Foarstanners kringlooplânbou rinne nei Den Haag: "We kinne net sa fierder"

Minister Schouten moat wurk meitsje fan kringlooplânbou. Dat fynt in groep fan fyftich lânbou- en natuerorganisaasjes, lykas It Fryske Gea, Circulair Fryslân, de Friese Voedselbeweging en it projekt Kening fan de Greide. Om har oprop ûnder oandacht te bringen fan it regear, makken se tiisdei in lange kuier, de Kring-Loop, mei Den Haag as einstasjon.
Foarstanners kringlooplânbou rinne nei Den Haag
De aksjefierders setten tiisdeitemoarn útein op Hoeve Biesland yn Delfgauw, it bedriuw dêr't minister Schouten twa jier lyn har nije lânboufisy presintearre. De tocht wie goed tsien kilometer lang en duorre likernôch fjouwer oeren. It wie in soarte fan rinnend poadium mei bygelyks saakkundige boeren en boargers dy't oer kringlooplânbou oan it wurd kamen. Oan 'e ein fan de tocht waard it tsienstappeplan oan de minister yn Den Haag oanbean.
Kringlooplânbou is in foarm fan lânbou dêr't sa min mooglik ôffal by frijkomt en de útstjit fan skealike stoffen sa lyts mooglik is. Grûnstoffen en einprodukten wurde maksimaal benut. Minister Schouten wol yn 2030 de omslach meitsje nei dizze foarm fan lânbou.
© Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

"It kin wol oars"

Ien fan de boeren dy't meirint is Auke Stremler fan Jorwert. Hy makke yn 2017 de oerstap nei it biologysk buorkjen. "Wy koene doe as gongbere boer net mear rûnkomme. We wurken hieltyd mear en produsearren hieltyd mear molke, mar wy koene it gewoan net mear lykhâlde", fertelt Stremler.
"Wy wurkje no mei twa natuerorganisaasjes: it Fryske Gea en Natuurmonumenten. En dat is de reden dat ik hjir ek bin: dat it dus wol oars kin." Neffens Stremler kin elke boer de oerstap meitsje. "Je komme wol hiel wat hobbels tsjin, mar elkenien kin it oars dwaan."

Stipe fan de konsumint

De boeren kinne neffens Stremler lykwols wol wat mear stipe brûke fan de konsumint. "Wy kinne bêst wat minder produsearje en eksportearje. As de boarger wat mear oer hawwe soe foar it produkt, dan soe dat de boer wol fersterkje", leit Stremler út. "Der binne in soad boeren dy't wat oars dwaan wolle, as se mar in bytsje mear krije foar harren produkt."
© Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Ek Welmoed Deinum fan Sondel wol mei de Kring-Loop sjen litte dat it oars kin. "We kinne sa gewoan net mear fierder", seit se. "We krije tefolle stront hjir yn Nederlân en te folle kij. As we dat mei ús allen wat minderje, dan kinne we op in sûnere wize iten produsearje en krije we in moai stikje natuer om ús hinne. Dan komt it hielendal goed."
Deinum begrypt wol dat it foar guon boeren, bygelyks mei skulden, dreech is om oer te stappen nei de kringlooplânbou. "Derom pleitsje wy hjoed ek foar in transysjefûns, om dy boeren finansjeel te helpen. It hat nammentlik efkes tiid nedich om it gers en de kij wenne te litten. En as dat dan ien kear sa fier is, dan silst sjen dat je der finansjeel miskien wol better fan wei komme."
Welmoed Deinum oer hoe't it oars moat mei it boeren yn Nederlân:
Kring-Loop

"Stip oan de hoarizon"

Foar minister Schouten leit der neffens Deinum in dúdlike opdracht. "Se hat wol bepaalde kaders steld, mar it is noch net dúdlik genôch. Wat wy, mar ek de gongbere kollega's, foaral nedich ha, is in dúdlike stip oan de hoarizon. Der binne de lêste jierren tefolle problemen. De iene kear is it fosfaat, dan is it stikstof. As we doelen stelle foar 2040, dan moatte we dêr no nei feroarje. Dan ha we tweintich jier om dat mei ús allen oan te passen. De natuer hat tiid nedich om te herstellen."
As it oan Deinum leit, sjocht it der foar de boeren yn 2040 dus hiel oars út. "Dan ha we allegear wat minder kij en wat minder produksje per ko. En dat we dan mei mear wille buorkje kinne, mei mear grien om ús hinne en dat we dan lekker sûne molke drinke kinne."