D66 slút har oan by koälysje gemeente Súdwest-Fryslân

14 jan 2020 - 12:19

D66 sil har oanslute by de koälysje yn de gemeente Súdwest-Fryslân, dy't no bestiet út it CDA, de VVD en GroenLinks. Mirjam Bakker wurdt út namme fan D66 foardroegen as nije wethâlder yn it kolleezje. Yn de foarige bestjoersperioade makke se ek diel út fan it kolleezje.

It gemeentehûs fan Súdwest-Fryslân - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De fraksjefoarsitters fan it CDA, de VVD en GroenLinks hawwe praten mei alle partijen yn de gemeenteried. D66 en FNP bleaune oer foar ferfolchpetearen. De FNP hat der lykwols foar keazen om net diel te nimmen. FNP-fraksjefoarsitter Corrie Bergstra: "We hawwe de konklúzje lutsen dat no ynstappe net it goede momint is."

De FNP seit nei de folgjende ferkiezingen graach fan it begjin ôf mei te dwaan oan de koälysjefoarming. Sa hopet de partij in akkoart opstelle te kinnen dêr't de har útgongspunten better yn nei foaren komme.

PvdA

Earder stapte de PvdA út dy koälysje, nei't de oare partijen it fertrouwen yn wethâlder Stella van Gent fan de PvdA opseine. Oanlieding wie in yntegriteitsûndersyk, troch de wethâlder sels oanfrege by de boargemaster, nei it foarnimmen fan Van Gent om tegearre mei de direkteur fan sosjale wurkfoarsjenning Empatec in gebou te keapjen yn de binnenstêd fan Snits.

Ferfolch

De haadlinen fan it akkoart fan dizze bestjoersperioade sille ûnferoare oanhâlden wurde. De portefúljeferdieling sil letter útwurke wurde. Nei alle gedachten sil Bakker yn febrewaris beneamd wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)