Pleger spûktelefoantsjes út Dantumadiel útlevere oan Nederlân

14 jan 2020 - 10:40

De 20-jierrige man út Dantumadiel dy't yn desimber oanhâlden waard troch de Deenske plysje foar it plegen fan spûktelefoantsjes, is wer yn Nederlân. De man waard arrestearre om't er falske meldingen dien hie oan ûnder oare de plysje, de brânwacht, sikehûzen en in ferloskundepraktyk.

Smartphone - Foto: Shutterstock.com

Ien sikehûs yn Nederlân waard yn ien moanne tiid mear as tûzen kear belle. De fertochte bedrige minsken, en sette se sûnder har witten mei-inoar troch yn in conference call. Ek belle hy minsken, wylst er him foardie as plysjeman, om te fertellen dat in dierbere ferstoarn wie.

It Iepenbier Ministearje hie om de útlevering fan de man frege. Neffens de plysje is it ûndersyk noch yn folle gong. De fertochte sil dizze wike foarliede wurde oan de rjochter-kommissaris.

(advertinsje)
(advertinsje)