KNMI jout koade giel ôf: kâns op swiere wynsjitten

14 jan 2020 - 10:24

It KNMI hat foar tiisdeitejûn en -nacht koade giel ôfjûn foar de provinsje Fryslân fanwege kâns op swiere wynstjitten. De warskôging jildt fan 19.00 oere ôf.

Foto: Omrop Fryslân

Yn de provinsje kinne wynstjitten fan 75 kilometer de oere foarkomme. Yn it Waadgebiet is der sels kâns op wynstjitten fan maksimaal 90 kilometer de oere. Yn de twadde helte fan de nacht soe de hurde wyn wer ôfnimme moatte.

De koade giel jildt ek foar de provinsjes Noard-Hollân, Súd-Hollân en Seelân.

Trefwurden: 
koade giel KNMI wynstjitten
(Advertinsje)
(Advertinsje)