Minder besikers filmfestival

13 nov 2011 - 17:47

It Noardlik Filmfestival hat dit jier wer minder besikers lutsen. Ferline jier kamen der 23.000 minsken nei de Harmonie en it Filmhûs yn Ljouwert om in film te besjen. Dat wiene doe 3000 minder as it jier dêrfoar. De earste berjochten lykje foar dit jier net geunstich. Dochs hie de organisaasje foaral yn de programmearring besocht mei ôfwikseljende tema's in breder publyk oan te sprekken.

De Belgyske film Hasta La wint nei alle gedachten de publykspriis. De film oer trije handikapte jonges dy't yn Spanje ûntmaagd wurde wolle, krige in 9,7 as rapportsifer.

Trefwurden: 
Noardlik Film Festival
(advertinsje)