Jan Vlap takom seizoen wer haadtrainer by ONS Snits

14 jan 2020 - 09:49

De 53-jierrige Jan Vlap stiet takom seizoen oan it roer by ONS Snits. Vlap wie tusken 2010 en 2013 ek al trainer fan de Snitsers. Vlap folget Paul Raveneau op. Yn desimber waard bekend dat syn kontrakt net ferlinge wurde soe.

Jan Vlap yn syn tiid by Staphorst - Foto: www.orange-pictures.nl

Vlap tekenet foar trije seizoenen by ONS. Fia de klupside lit Vlap witte bliid te wêzen om werom te kommen op it âlde nêst. Hy sjocht dernei út om mei in jonge en ambisjeuze seleksje te bouwen oan de takomst fan ONS. De Snitsers steane no op it lêste plak yn de tredde difyzje.

Dronten, Harkemase Boys en Staphorst

Nei't Vlap yn 2013 ophold by ONS, siet er ien jier by ASV Dronten. Dêrnei wie er twa jier haadtrainer by Harkemase Boys en twa jier by Staphorst. Ofrûne seizoen wurke er wer in pear moannen as ynterim-trainer by ASV Dronten.

Jan Vlap is de heit fan proffuotballer Michel Vlap dy't op it stuit spilet by de Belgyske fuotbalklup Anderlecht.

(advertinsje)
(advertinsje)