A32 tusken Ljouwert en It Hearrenfean wer iepen nei meardere ûngelokken

Op de A32 tusken Ljouwert en It Hearrenfean stie tiisdeitemoarn fjouwer kilometer file. Op 'e hichte fan de ôfslach nei Snits wiene tiisdeitemoarn yn koarte tiid twa ûngelokken bard. De file is yntusken wer dien.
© Google Maps
It earste ûngelok barde tiisdeitemoarn betiid. Yn de file dy't troch it ûngelok ûntstie, wie der in twadde botsing. It ferkear yn 'e rjochting fan It Hearrenfean waard oanret om fan it knooppunt Werpsterhoek ôf om te riden.