Kollum: "Winterpine"

Hy stie by in stek en eage de greiden oer. Ik wie oan 'e kuier en seach him fan fierrens al stean. Doe't ik flakby him wie knikte er my ta. Om dochs wat te sizzen makke ik in opmerking oer it waar. Oer dat it sa myld wie. Hy makke in gebeart mei de hân dat fan alles betsjutte koe. 'Ik mis it gewoan', sei er.
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
De Toan fan Willem Schoorstra
'Ik mis alles fan de winter. It skouspul fan farske snie ast moarns de gerdinen iepenskodest. De geur, de stilte, it kreakjen derfan ast de earste stappen settest. De wrâld yn ferskillende kleure: griis, swart en wyt. As in skilderij út de 17e iuw. Ik sil wol in romantyske lul wêze, mar ik mis it gewoan. En dan ha ik it noch net iens oer froast. Dat dy it hier yn de noas befriest ast sykhellest. It lûd fan in flecht lette guozzen op wei nei it suden, dat je witte: no hearsket de kjeld.' Hy skrabe de kiel, flibe.
'Hoe moat ik bern útlizze dat der neat moaier is as reedride oer ynswart iis troch einleaze reidseamen? Dy frijheid, dat ien wêzen mei de natuer. Dat kin ik net útlizze. Likemin as dat froulju op it moaist binne as se op it iis stean. Strakke broek oan, in grouwe wintertrui dêrboppe, fan dy reade wangen fan de kjeld. Yn de wintertiid wie ik fereale op alle froulju.'
Om't ik net presys wist hoe't ik reagearje moast, sei ik mar dat it noch gjin febrewaris wie, hoop doet vriezen. Hy skodholle, makke opnij dat gebeart mei de hân. 'De narsissen bloeie, bêste man. Ik ha noch ljippen sjoen. De hiele bliksemse boel is yn 'e war. De natuer feroaret wêr't wy by stean. Mar och, ik moat net sa seure. Hielendal net as ik sjoch hoe't it yn Australië om en ta giet. Alles stiet dêr yn 'e hens, wylst de minsken yn Yndia fersûpe as rotten. Grienlân wurdt echt grien, omdat snie en iis weiteie, en by Holwert oan see groeie oer in pear jier palmbeammen by de haven as it sa trochgiet.'
Underwylst stie ik neist him de fjilden oer te eagjen. Stil wie it, de loft hong skier boppe de kleurleaze omkriten. Nei in skoftke sei ik dat in fotograaf in wite ree by Houtigehage op 'e foto setten hie. 'In wite ree of in wyt hart is bysûnder', sei ik. 'Fynst ferhalen oer wite harten en reeën by alle folken en yn alle mytologyen werom. En wat opfalt is dat sa'n bist altyd in grutte feroaring oankundiget. It is in wêzen út de Oare Wrâld. Dy liet him oan de minsken sjen as wat dat hillich wie skeind waard. Of ivige wetten ferbrutsen. It bist wie sawol in foarteken as in warskôging.'
Op dat stuit fleach ús in skries foarby. De rop fan de fûgel droech fier. Wy seagen him beide achternei. 'Dêr giet it ek net al te bêst mei', sei de man. 'Miskien is it tiid om ús it ferskinen fan sa'n wite ree oan te lûken.'
Yn de fierte joech de skries him antwurd."